Premjęrewykein It Foarfal

30 augustus 2017

Kommend wykein is it dan sa fier, It Foarfal yn premjêre: De spilers binne der klear foar en hawwe der o sa'n nocht oan!

It wûnderlike foarfal mei de hûn is de Jorwerter bewurking fan it boek Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge ken alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, wol er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet.

Nog gjin kaarten, bestel snel. Wolle jo foar de foarstelling lekker ite? Boek dan in arranzjemint foar € 17,50 de persoan ekstra

Foar it bestellen fan kaarten: https://www.iepenloftspuljorwert.nl/kaartverkoop/